Wat is de bêste takomst foar de Hegewarren?
It ko-kreaasjeteam Hegewarren, dat bestiet út 17 belutsenen yn en om it gebiet, hat yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en gemeente Smellingerlân, it ôfrûne jier ferskate alternativen foar de takomst fan de Hegewarren ûntwikkele. As resultaat bea it team op 7 oktober 2 foarkarsalternativen oan.
Takomst Hegewarren: in nij takomstperspektyf foar feangreidegebiet
De Hegewarren is in polder in it Lege Midden fan Fryslân. In nij perspektyf foar de polder is nedich, want de boaiem sakket. Alle jierren klinkt de feangreide wer in stikje yn. Dat kin op lange termyn net trochgean, om’t it hieltyd dreger wurdt de polder goed te behearen. Boppedat komt der CO2 frij by feandelgong, ek dat is net winsklik.
De Hegewarren is oanwiisd as gebiet om op syk te gean nei oplossings foar de delgong fan de boaiem. We sykje nei nij takomstperspektyf foar de Hegewarren; in perspektyf dêr’t ek oare feangreidegebieden aanst fan leare kinne.
Mei elkoar op syk nei mooglikheden
Dat dogge wy yn ko-kreaasje. Ko-kreaasje betsjut dat kânsen foar in nije ynrjochting ûntwikkele wurde mei en troch belanghawwenden út it gebiet. Yn dy groep fan belanghawwenden hat elk syn of har eigen bril. De ien sjocht as bewenner of ûndernimmer nei de Hegewarren. In oar sjocht út it perspektyf fan omlizzende gebieten. Tema’s as lânbou, ekonomy, natoer en rekreaasje komme dêr yn by elkoar. Yn fjouwer gearkomsten sil it ko-kreaasjeteam oan de slach om trije ûntwerpfarianten te meitsjen foar de takomst fan de Hegewarren.
It ko-kreaasjeproses wurdt begelaat troch Hanneke Stenfert en Jurrian Arnold fan Open Kaart. Dêrneist wurkje Pieter Schengenga fan H+N+S landschapsarchitecten en Carolien van der Ziel van Royal HaskoningDHV mei om te rekkenjen en te tekenjen oan de ideeën dy’t it ko-kreaasjeteam betinkt.
It ko-kreaasjeproses is in inisjatyf fan Provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en gemeente Smallingerland.
Blijf op de hoogte
Op dizze website kinne jo lêze oer it ko-kreaasjeproses. Wolle jo aktyf op de hichte hâlden wurde? Skriuw jo yn foar de ko-kreaasje-nijsbrief en mail nei [email protected].