Opdracht en doel
De needsaaklike oanpak fan
feangreidegebieten
De Hegewarren leit yn it Fryske feangreidegebiet. Troch oksidaasje fan it fean is der boaiemdelgong. Trochdat de grûnwetterstânen gauris keunstmjittich leech hâlden wurde, wurdt dy boaiemdelgong fersterke. Want dêr wêr’t it fean drûch falt, ‘ferdwynt’ it yn de loft. Dêr komt CO2 by frij, wat net winsklik is. Ek hat de boaiemdelgong gefolgen foar it wetterbehear; it is bygelyks hieltyd dreger om polderkaaien goed te ûnderhâlden. Foar de Hegewarren jildt boppedat dat de hieltyd legere grûnwetterstânen derfoar soargje dat omlizzende natoergebieten ferdrûgje.
Dy problemen meitsje it needsaaklik om nei te tinken oer in oare takomst foar de feangreidegebieten. Provinsje Fryslân en it Wetterskip hawwe mienskiplik in fisy makke om dat te dwaan. De Hegewarren is oanwiisd as ien fan de ûntwikkelgebieten yn dy Feangreidefisy.


Gebiedsûntwikkeling Hegewarren
Rânebetingsten en doelstellings
De mooglikhede foar in nije ynrjochting fan de Hegewarren wurde ûntwikkele troch belutsenen yn en om it gebiet. Dat hjit ko-kreaasje. De opdrahtjouwers binne gjin ûnderdiel fan it ko-kreaasjeteam, mar hawwe by de start fan it ko-kreaasjeproses rânebetingsten en doelstellings mei-jûn. Sa jouwe sy rjochting oan de gebietsûntwikkeling.
Rânebetingsten
De grûnwetterstânen (peilen) moatte omheech
It ferheegjen fan de grûnwetterstânen is nedich om de ferskate problemen yn it gebiet oplosse te kinnen. Ferhege peilen soargje derfoar dat it fean minder ynklinkt en dat der minder CO2 frij komt. We hantearje in minimale ferheging fan de grûnwetterstân fan 40 sm ûnder it meanfjild. Dat is it gemiddelde peil dêr’t yn it Utfieringsprogramma Feangreide 2021-2030 fan út gien wurdt.
Yn op syn minst ien ûntwerpfariant wurdt in eventuele farwei nei Drachten yn kaart brocht
Dat betsjut net dat besletten is oft der in farwei fia de Hegewarren komme moat, dat is oan de polityk. It betsjut wol dat de mooglikheid yn de ûntwerpfarianten ûndersocht wurde moat.
Oare feangreidegebieten moatte leare kinne fan de Hegewarren (‘driuwtsjileffekt)
It is de bedoeling om de ûnderfining en kennis dy’t opdien wurdt yn de Hegewarren te brûken foar de oanpak fan oare feangreidegebieten.
Doelstellings
- It minimalisearjen fan de boaiemdelgong
- It tebekbringen fan de CO2-útstjit
- Het ferminderjen fan it útdrûgjende effekt fan de Hegewarre op de Alde Feanen
- It tebekbringen fan de kosten foar it yn stân hâlden fan it wettersysteem yn de polder
- It bydragen oan klimaatadaptaasje mei in robuuster wettersysteem
- It fersterkjen fan de rekreaasjestruktuer
- It ferbetterjen fan de feiligens op it wetter (binnenfeart en rekreaasjefeart)
- It ferminderjen fan de útstjit fan stikstof yn it gebiet
- It bydragen oan de doelstellings oangeande duorsume enerzjy (RES)
- It bydragen oan brede wolfeart
- It bydragen oan romtlike kwaliteit
Resultaten
De syktocht nei in nij takomstperspektyf foar de Hegewarren hat laat ta ûntwerpfarianten foar it gebiet: konkrete foarstellen foar in nije ynrjochting fan de polder. As resultaat bea it team op 7 oktober twa foarkarsalternativen oan: ‘Polderakwarel’ en “Iepen & Natuerlik’. De twa farianten litte sjen dat der wat te kiezen falt: se fertsjintwurdigje útienrinnende kwaliteiten en kânsen foar de Hegewarren. De foarkarsalternativen binne ynklusyf in advys en oanbefellings oerlange oan de bestjoeren fan de oerheden.