It ko-kreaasjeteam

Der is in ko-kreaasjeteam gearstald dêr’t ferskate belutsenen mei ferskate belangen by elkoar komme. Yn dy groep fan belanghawwenden hat elk syn of har eigen bril. Tema’s as lânbou, ekonomy, natoer en rekreaasje komme dêr yn gear.

Wat is ko-kreaasje?

Ko-kreaasje betsjut dat belanghawwenden út it gebiet mienskiplik op syk geane nei de bêste takomst foar de Hegewarren. De opdrachtjouwers hawwe dêr bewust foar keazen, út de oertsjûging dat de meast kânsrike takomst fuortkomt út it petear mei de minsken dy’t der alle dagen wenje, wurkje en ferbliuwe.

Wat dogge mei?

Yn it ko-kreaasjeteam sjoch de ien as bewenner of ûndernimmer nei de Hegewarren; in oar sjocht út it perspektyf fan omlizzende gebieten. Ut dy ferskillende brillen wei sochten we nei de bêste takomst foar it gebiet.

Buorlju fan de Hegewarren

As earste wiene de hjoeddeistige bewenners fan de Hegewarren ûnderdiel fan it ko-kreaasjeteam. It beslút fan Provinsjale Steaten hat grutte ynfloed op harren. Foar de boeren yn it gebiet betsjut it ferheegjen fan de wetterpeilen bygelyks dat se net mear op deselde wize harren bedriuw fiere kinne. De boeren hawwe foarearst oanjûn dat se dêrom gjin takomst mear sjogge foar harren sels yn de Hegewarren. Op 25 novimber 2020 hawwe Provinsjale Steaten it beslút naam dat petearen oer ferpleatsing fan harren bedriuwen útein sette kinne. Willem Tabak, oansluten by LTO Noord, fertsjintwurdiget de boeren yn it ko-kreaasjeteam.

Dêrneist wiene ek Jelke Wijmenga en Wietske Bruinsma ûnderdiel fan it team. Sy wenje yn de Hegewarren en hawwe dêr harren rekreaasjeûndernimming. Fierdersoan wiene twa eigners fan rekreaasjewenten yn de Hegewarren ûnderdiel fan it ko-kreaasjeteam.

Buren van de Hegewarren

Neist de ynwenners fan de Hegewarren wiene ek bewenners om de Hegewarren hinne fertsjintwurdige yn it ko-kreaasjeteam. Doarpsbelang Aldegea, Doarpsbelang Earnewâld en Pleatslik Belang De Feanhoop diene mei. Fierdersoan wiene Grou Breed en belangeferiening De Burd part fan it team. Nationaal Park De Alde Feanen is ik in belangrike buorman, ek it park wie fertsjintwurdige yn it ko-kreaasjeteam.

Gebietsoerstiigjende belanghawwenden

As tredde wiene der gebietsoerstiigjende belanghawwenden ûnderdiel fan it ko-kreaasjeteam. Sa wie der ferstjintwurdiging út de wettersport wei yn de foarm fan KWV Frisia en it Watersportverbond. It Havencluster Drachten en de belangeorganisaasje fan de binnenfeart wiene belutsen. Ek wiene natoerbeskermingsorganisaasje It Fryske Gea en de feriening foar agrarysk natoerbehear Noardlike Fryske Wâlden part fan it team, dy’t no ek in aktive rol yn it gebiet spylje.

Wat betsjutte it meidwaan oan it ko-kreaasjeteam?

Net elkenien is it hieltyd mei elkoar iens en somtiden botse belangen. Dat is net slim. Wol is it wichtich dat alle ferskate lûden heard wurde. Allinnich op dy wize kinne trije goed ûntwerpfarianten foar de takomst fan de Hegewarren ûntstean. Meidwaan oan it ko-kreaasjeteam betsjutte dan ek dat wy in konstruktive dialooch mei elkoar hiene, sûnder dat der konsensus hoecht te wêzen. Dielnimmers hâlde al harren boargerlike rjochten, lykas it ynsprekken op de harksitting of it beswier meitsjen tsjin beslútfoarming.

Wat docht it ko-kreaasjeteam?

It ko-kreaasjeproses waard begelaat troch Hanneke Stenfert en Jurrian Arnold fan Open Kaart. Dêrneist wurke Pieter Schengenga fan H+N+S landschapsarchitecten en Carolien van der Ziel van Royal HaskoningDHV mei om te rekkenjen en te tekenjen oan de ideeën dy’t belutsenen betinke. Yn tsien gearkomsten wurke it ko-kreaasjeteam mei de buro’s gear oan ûntwerpfarianten foar de takomst fan de Hegewarren. Lês hjir fierder oer de planning.