Resultaten

In duorsume én oanloklike takomst foar de Hegewarren: twa foarkarsalternativen

It ko-kreaasjeteam Hegewarren, dat bestiet út 17 belutsenen yn en om it gebiet, hat yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en gemeente Smellingerlân, it ôfrûne jier ferskate alternativen foar de takomst fan de Hegewarren ûntwikkele. As resultaat bea it team  op 7 oktober 2 foarkarsalternativen oan: ‘Polderakwarel’ en ‘Iepen & Natuerlik’

De twa farianten litte sjen dat der wat te kiezen falt: se fertsjintwurdigje útienrinnende kwaliteiten en kânsen foar de Hegewarren. De foarkarsalternativen binne ynklusyf in advys en oanbefellings oerlange oan de bestjoeren fan de oerheden.

Bist benijd nei it advys fan it ko-kreaasjeteam? Download hjir it boekje mei in gearfetting fan de resultaten en de oanbefellings oan bestjoerders en polityk.