Planning
Yn in oantal gearkomsten wurket it ko-kreaasjeteam oan trije ûntwerpfarianten foar de takomst fan de Hegewarren. Yn juny diele we konseptresultaten fia de nijsbrief. Elkenien dy’t dat wol, kin dêr op reagearje.
Nijsbrieven
Na alle gearkomsten waard der in nijsbrief ferstjoerd. Dizze nijsbrieven binne te lêzen ûnder nijs.
Tiidline
10 NOVIMBER 2020 – YNFORMAASJEGEARKOMSTE
It ko-kreaasjeproses sette útein op 10 novimber 2020. Yn in online ynformaasjegearkomst waar it proses taljochte en koene fragen steld wurde. It ko-kreaasjeteam is gearstald op basis fan de reaksjes dy’t we nei dy jûn krigen hawwe. De gearkomste is hjir werom te sjen. Ek binne stelde fragen en antwurden (Nederlânsk) werom te lêzen.
19 NOVIMBER 2020 – ATELIER 1
Yn de earste gearkomste kamen de dielnimmers mei elkoar yn de kunde en mei de bril dêr’t se mei nei it gebiet sjogge. Ek waard gebiedskennis útwiksele en waarden earste ideeën foar de takomst sammele.
10 DESIMBER 2020 – ATELIER 2
Yn de twadde gearkomstefan it ko-kreaasjeteam binne earste ideeen omset yn yngrediïnten of boustiennen foar de takomst fan de Hegewarren. Hokker mooglikheden binne der foar de takomst? Hoe kinne we dy faaks tûk kombinearje?
21 JANNEWARIS 2021 – ATELIER 3
Yn de tredde gearkomste waarden kânsrike rjochtingen foar de takomst formulearre. Ek binne we útein set mei in ôfwagingsramt om de farianten fergelykje te kinnen en goed yn kaart te bringen wat de ferskate farianten kostje en opsmite op ferskate mêden.
25 FEBREWARIS 2021 – ATELIER 4
Yn de fjirde gearkomste hawwe we de romtlike mooglikheden en ûnmooglikheden fan in eventuele farwei troch de Hegewarren ûndersocht. Dy ferkenning is part fan de rânebetingsten dy’t de opdrachtjouwers mei-jûn hawwe.
29 april 2021 – ATELIER 5
De tinkrjochtings dy’t earder foarme binne mei de dielnimmers, binne foar it fyfte atelier tige goed besjoen troch ferskate eksperts. Mei harren kunde sjogge we wêr’t dy noch oanpast wurde moatte. Hokker optimalisaasjes it meast winsklik binne, beprate we mei it ko-kreaasjeteam.
27 maaie 2021 – ATELIER 6
Yn it sechde atelier reflektearje we op de optimalisearre ûntwerpfarianten. De dielnimmers fan it ko-kreaasjeteam jouw in ‘resinsje’ mei by alle farianten. Sa wurdt dúdlik hokker foar- en neidiel de belutsenen út en rûnom it gebiet by alle farianten sjogge.
juny 2021 – diele fan de konseptresultaten
Nei de gearkomste yn maaie diele we de konseptfarianten fia de nijsbrief. Sa kin in bredere groep belanghawwenden en belangstellenden reagearje op de konseptresultaten. Mei dy ynput wurde de farianten oanskerpe en oanfolle.
july 2021 - ‘omkearde sjenswize’: de polityk yn petear mei it ko-kreaasjeteam
Dêrneist wurde de konseptresultaten brûkt om de polityk te ynformearjen. Gewoanwei kinst as boarger ynsprekke by de polityk, no keare we it: polityk en bestjoerders sprekke yn by it ko-kreaasjeteam. Sa jouwe se it ko-kreaasjeteam punten fan omtinken mei foar de ôfrûning.
Mei dy ynbring wurde de ûntwerpfarianten útwurke ta einprodukten
Mei dy ynbring wurde de ûntwerpfarianten útwurke ta einprodukten en stikken dy’t nedich binne foar it beslútfoarmingsproses dêrnei.
16 septimber 2021 | Atelier 7
Yn it sande atelier praatten we oer nije ynsichten dy’t fuort kamen út de reaksjes fan omjouwing, bestjoerders en polityk. Mei elkoar kamen we ta twa foarkarsfarianten.
7 oktober 2021 | Oerlangjen fan einresultaten
De einresultaten fan it ko-kreaasjeproses waarden op 7 oktober 2021 oerlange oan de bestjoerders. Sy moatte úteinlik beslute oer de takomst fan de Hegewarren. It ko-kreaasjeteam joech twa foarkarsfarianten mei, méi oanbefellings foar it ferfolch.
NEI IT KO-KREAASJEPROSES
Nei’t it ko-kreaasjeteam de einresultaten dield hat, set de beslútfoarming útein. Dat hâldt yn dat de polityk him útsprekt oer hokker fariant troch harren it meast oantreklik en finansjeel helber fûn wurdt. Als der besletten is oer de rjochting, folget in planfaze dêr’t it ûntwerp yn útwurke wurdt. Dêrnei folget úteinlik in realisaasjefaze, dêr’t de polder op in nije wize ynrjochte wurdt.